Hânweverij “It Fyfskaft”

Yn myn tradisjonele hânweverij meitsje ik hânweefde stof en ferwurkje dit ta in einprodukt. Myn ynspiraasje foar dit krij ik út myn neiste omjouwing mar ek dêrbûten. Ik haw twa weefstuollen. Hjirop wurkje ik mei tradysjonele weeftechniken en eksperimintearje ik mei kleur en foarm.

Meast wurkje ik mei duorsumme en natuerlike materialen lykas katoen, wol en linnen. Mar ek it opnij brûken fan âlde materialen heart ta de mooglikheden. Alles wat ik weef hat syn eigen ûntwerp en ik wurkje yn lytse oplagen sadat elts produkt unyk is. Ik wurkje ek op bestelling!

By it wurkjen op in deisoarch foar de Sweedske âlderein bin ik yn kontakt kaam mei it hânweven. In echt âld tradysjoneel Sweedsk hânwurk dat dêr as in sinfolle deibesteging oanbean waard.

Dêrtroch haw ik basiskursussen, en letter ek de fakoplieding folge, dat hat my kennis en ûnderfining fan it weefproses jûn, sadat ik op dizze wize de kliïnten mei harren weefwurk better helpe koe.

De Fryske namme “It Fyfskaft” komt fan it wurd fyfskaft wat stof is weefd fan linnen en wol. Dit waard eardtiids brûkt foar klean. It wurd skaft komt ek yn it Sweedsk foar. It binne de latten wêrmei de skearingtrieden op en del lûkt wurde. Dizze kombinaasje fan Fryske en Sweedske wurden fûn ik in pasjende namme om te brûken foar myn weverij

Yn it koart in Fryske hânweverij mei in Sweedsk rântsje!